Je bent hier:  Home  /  In de media  /  'Ik kin op it poadium net stean te glen'

'Ik kin op it poadium net stean te glen'

Werom yn Fryslân fan in jier backpacken yn Australië keas se op har seisentweintichste foar in
oar libben: gjin managementassistint mear by de KPN, nee, se woe sjonge. Sân jier letter is se
mei ‘Gabrielle’s liet’ ien fan de kânshawwers foar in hege posysje yn de Fryske Top Hûndert:
Gezina van der Zwaag.

Se wie in jier as sechstjin, santjin doe't se de folders foar it konservatoarium yn'e hûs helle. Se woe
trompet of bugel studearje, de beide ynstruminten dy't se by it korps fan Ryptsjerk spile.
It is der net fan kommen, neffens har heit wie der gjin droech brea yn 'e muzyk te fertsjinjen. „Ús
heit hie in omke, dy wie dirigint. Dy hie it hiel earm, hy krige klean fan syn famylje."

Gezina gie net nei it konservatoarium, mar nei de heao. Hoe djip de muzyk ek siet. „Yn 'e earste
klasse fan de basisskoalle siet ik de hiele dei al te sjongen, de juf sei sa no en dan dat ik ophalde
moast te jeuzeljen. Doe't myn broer en suster blokfluitles krigen, wist ik net hoe gau’t ik dat ding
yn hannen krige. Sa is it altyd gien en eins is it noch sa. As ik in piano stean sjoch, moat ik my
behearskje."

Se hat wolris in koarke yn tsjerke han, song foar de famylje mei wat kampfjoerakkoarden op 'e
gitaar en spile yn it korps. Dêr bleau it ynearsten by. Op har fiifentweintichste naam se ûntslach by
de KPN en teach se nei Australië. Se hie baantsjes, krige fan oare backpackers dy't har sjongen
hearden te hearren dat se dat faker dwaan moast en kaam yn Darwin terjochte.

Foar it earst yn har Australyske aventoer slagge it har yn Darwin net om in baantsje te finen. Om 'e
dei troch te kommen gie se op’e dyk sitten te gitaarspyljen en te sjongen. It waard wurdearre, it
brocht seis mear op as de baantsjes dy't se oant dan ta han hie. „As servearster fertsjinne ik 10
dollar yn 'e oere, as ik twa oeren siet te sjongen hie'k samar 60 dollar."

„Makkest fan alles mei, sa'n jier yn Australië. Wurdst út dyn deistige libbentsje plôke. Hast dyn
freonen net om dy hinne, sjochst oars tsjin de dingen oan, fregest dy öf watst no eins mei dyn
libben wolst. Dat sjongen yn Darwin fün ik hearlik, dat wie in befrijing. Dat is no noch sa. As ik my
eefkes net sa lekker fiel, begjin ik te sjongen, dan giet it daliks in stik better."

Nei in jier foaroplieding waard se fiif en in heal jier lyn oan it konservatoarium fan Swol talitten as
sjongeres lichte muzyk. Se kaam yn 'e kunde mei it wurk fan komponisten en sjongers as Kurt
Weill, Jacques Brei en Ramses Shaffy, ûntwikkele in sterke foarkar foar it Franske sjanson.
Yn it tredde jier song se in oantal Fryske fado's fan Nynke Laverman. „Doe ûntdekte ik pas dat it
Frysk ticht by my stiet. Yn tsjerke hie'k leau'k wolris Frysk song, mar oant ik nei konservatoarium
gie hie alles yn it Ingelsk west."

Werom yn Frysian fan in jier backpacken yn Australië keas se op haar seisen tweintichste foar
in oar libben: gjin managemantsassistint mear by de KPN, nee, se woe sjonge. San jier letter is
se mei 'Gabrielle's liet' ien fan de kanshawwers foar in hege posysje yn de Fryske Top Hundert:
Gezina van der Zwaag.

Har freon Jan - de twa wenje yn Gytsjerk- frege har wolris wat har ambysje wiene. „Dêr hie ik noait
goed oer neitocht. Ik hald in hiel soad fan sjongen en dêr woe ik safolle mooglik yn leare. Ik sjong
foar mysels. Al tink ik wol dat oare minsken der wat oan ha kinne. De measte teksten dy't ik sjong
geane oer universele tema's, dêr fynt elkenien wol wat fan himsels yn werom."

Stadichoan krije de slûmjende ambysjes stal. Gezina van der Zwaag wurket trije dagen wyks op 'e
administraasje fan 'e Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert, se jout oardel dei yn 'e wike sjongles oan
Parnas. Mei dat leste haldt se op 1 jannewaris op om't se mear tiid oerhalde wol foar optredens en
foar it oersetten en aanst ek ik skriuwen fan teksten. Se jout no sa'n acht konserten yn 'e moanne -
soms mei in korps, soms mei in pianist en soms mei beide - dêrnjonken giet se der sa no en dan as ynfalster mei in Top Hûndertband op út.

Oant febrewaris wie noch mar in lyts part fan Fryslan bekend mei Gezina har sjongtalint. Dat
feroare doe't Omrop Frysian opnamen makke fan in konsert fan brassband De Bazuin, dêr't
se 'Gabrielle's liet' út de Sweedske film ‘As it is in heaven' song.
„Ik hie dy film al in pear kear sjoen en my de eagen út 'e holle gûld. Jannewaris foarich jier fertel de
Klaas van der Woude - de dirigint fan De Bazuin - dat er dwaande wie om in arranzjemint fan 'Ga-
brielles's song' te skriuwen. Foar it Valentijnskonsert. Ik twifele. Ik fûn it sa moai, ik wist net oft ik

dat wol koe. Twa of trije wike foar it konsert belle er: hy hie it klear. Oft ik it sjonge woe."
„Ik haw it earst yn it Sweedsk besocht, mar ik hie al gau yn 'e gaten, as ik it goed dwaan woe,
as ik gefoel yn dat liet oerbringe woe, dan moast ik it tichter nei mysels helje. Op ynternet fûn ik
oersettingen yn it Dútsk, it Ingelsk en it Nederlânsk, dêrmei ha'k sels in Fryske oersetting makke."
„It sloech daliks oan. Der hong in hiele aparte sfear, dy beide kearen yn de gereformearde tsjerke
fan Oentsjerk. Meastal geane de minsken nei ofrin fan in konsert stean, mar no diene se dat ek
nei 'Gabrielle's liet'. Midden yn it konsert kamen de minsken as ien blok oerein. Ik skrok der suver
fan. Eize van Beets, de technikus fan Omrop Frysian, sei: dit hellet de Top Hundert. Ik tocht dat it in
grapke wie, mar se draaie it al hast in jier lang hiel geregeld."

Gezina van der Zwaag oer de krêft fan ‘Gabrielle’s liet’
„As ik it sjong, merk ik dat der wat bart yn 'e seal. De minsken dy't de film sjoen hawwe, witte dat it
oer in frou giet dy't jierrenlang troch har man mishannele is en seit: no is it genôch. Foar myn ge-
foel giet it oer mear, giet it oer minsken dy't har frijmeitsje fan wat har fêstholden hat, oer minsken
dy't it lok fine."

„Ik krij ek telefoantsje en mailtsjes fan minsken dy't freegje oft se it op in begraffenis in of in kre-
maasje draaie meie. Ik fûn dat earst frjemd, it giet oer it libben, oer minsken dy't frij libje wolle. Net
oer de dea. Mar ik tink dat de minksen der dochs in stikje treast yn fine."

„Ik ha my ek wol ôffrege wêr't it muzikaal yn sit. It is eins hiel standert allegear. Ienfaldige wize, ien-
faldige akkoarden. It begjint hiel rêstich en dan wurket it stadich nei in hichtepunt ta. Mei in korps
wurdt it oan de ein ta bombastysk. It iennichste wat net sa ienfaldich is, is it berik. It giet oer twa
oktaven. Dat is foar my it uterste, wol ik it noch moai sjonge."

„Teksten binne foar my hiel belangryk. Ik wol ferhalen fertelle en dêr myn eigen gefoel yn lizze. Un-
der it sjongen tink ik oan dingen dy't ik seis yn relaasjes meimakke haw of oan in freondin dy't troch
har freon mishannele is. By it ynstudearjen haw ik sels ek sitten te gûlen. As ik it no sjong, belibje
ik it ferhaal alle kearen opnij, mar ik ha mysels wol ûnder kontrole. Ik kin op it poadium net stean te
gûlen."

Gezina har favorite sjongtalen binne it Fransk en it Frysk, dêr kin se har emoasjes it bêste yn kwyt.
Har grutte dream fan dit momint is in cd meitsje mei Frankse sjansjons, mei eigen nûmers of mei in
kombinaasje fan dy beide.

„Ik wol dingen yn it Frysk fertale en ek sels nûmers yn it Frysk skriuwe. Ik sjong ek wol yn it
Nederlansk, mar dy nûmers sizze my it measte net. Yn it Nederlansk skriuwe, lokket my net, dat ik
kom dochs wer by it Frysk út."

SIETSE DE VRIES

Bestel het debuutalbum 'Kontrast'

Bestel het debuutalbum 'Kontrast'

CD Bestellen

Copyright 2011-2012 Gezina van der Zwaag | Fotografie: Jan de Vries | Ontwikkeling website: Basticom